Plysje pakt Porschedieven

Porsche Panamera
De plysje hat moandeitemiddei by it RDW-keuringsstasjon op It Hearrenfean twa 29-jierrige ynwenners fan Lelystêd oanholden op fertinking fan heling. De manlju woene in djoere Porsche Panamera keure litte. By de keuring kamen meiwurkers fan de RDW der achter dat in tal ûnderdielen fan de auto stellen wie. Boppedat wiene de autopapieren net yn oarder.
De plysje waard warskôge en dy hat de twa manlju oanholden. Se binne fêst set op it plysjeburo yn Drachten. De auto is yn beslach naam.