Bromfytsers op 'e bon

11 jun 2013 - 10:11
  • Plysje-embleem

By in bromfytskontrôle yn de Egelantierstrjitte yn Ljouwert binne moandeitemiddei sân bestjoerders op de bon slingere. Sy hiene harren brommer opfierd. Ien bromfytser (30) waard oanhâlden. Hy wegere oan de kontrôle mei te wurkjen. Dêr krige er in boete foar. Doe't syn brommer úteinlik kontrolearre waard, die bliken dat dy 16 kilometer de oere hurder koe as tastien. Ek dêr krige de man in bekeuring foar.

Boppedat waard it kenteken fan syn bromfyts ynfoardere. Dy krijt er wer werom as er syn brommer oanpast en op 'e nij keure litten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)