Fjouwer ferwûnen by Appelskea

11 jun 2013 - 09:58

By in oanriding op de Drintsewei yn Appelskea binne moandei oan de ein fan de middei fjouwer minsken ferwûne rekke. In 51-jierrige automobilist fan De Fochtel kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde kant fan de dyk telâne. In 55-jierrige autobestjoerder út Ravenswâld koe in oanriding net mear foarkomme.

Beide bestjoerders en twa minsken dy't by de man út Ravenswâld yn de auto sieten, rekken ferwûne. Se binne allegearre mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
oanriding Appelskea ferwûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)