Oprop foar portret kening

11 jun 2013 - 09:43

Achtkarspelen ropt keunstners yn de gemeente op om in portret te meitsjen fan kening Willem-Alexander, of fan de kening tegearre mei keninginne Máxima. It moaiste keunstwurk krijt in plak yn de riedsseal. It portret kin in skilderij wêze, mar ek in foto, ets of byld. Alle ynstjoerings wurde útstald yn de hal fan it gemeentehûs.

In sjuery ûnder lieding fan boargemaster Gerbrandy sil de keunstwurken beoardielje en de ried advisearje oer it oanwizen fan 'e winner. De gemeente keapet it portret. Dêrfoar is 2500 euro beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)