Doel Serious Request bekend

11 jun 2013 - 09:35
  • 3FM Serious Request

De jierlikse benefytaksje Serious Request fan 3FM freget dit jier omtinken foar bern dy't oan diarree stjerre. Yn de wike foar de krysttiid slute trije dj's harren in wike lang op yn it Glêzen Hûs. Dat stiet dit jier op it Saailân yn Ljouwert. It jild dat se ophelje mei non-stop radio meitsjen en net ite, giet nei it Reade Krús.

Neffens 3FM stjerre alle jierren goed 800.000 bern oan diarree trochdat der net genôch skjin drinkwetter, sjippe en húskes binne. De dj's slute har op 18 desimber op yn it Glêzen Hûs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)