Nienhuis langer by SC Cambuur

Leonard Nienhuis © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Cambuur hat Leonard Nienhuis foar twa jier fêstlein. De 23-jierrige doelman waard it ôfrûne seizoen hierd fan FC Grins. NIenhuis wie ferline seizoen fral twadde doelman efter Dennis Telgenkamp. Doe't Alfons Arts dien krige en Henk de Jong trainer waard, krige Nienhuis in kâns him te bewizen. Nienhuis sil mei de nije doelman Ruud Swinkels de striid oangean om earste doelman. Swinkels kaam transferfrij oer fan PSV.