Soad emoasjes yn Sint Anne

By de earste ynsprekjûn yn de gemeente It Bilt oer in gemeentlike weryndieling yn Noardwest-Fryslân, kamen moandei yn Sint Anne in soad emoasjes los ûnder de ynwenners. In grutte mearderheid fan de ynwenners fan It Bilt is tsjin in fúzje. De gemeenteried stjoert oan op in weryndieling mei Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Harns. Op de ynsprekjûn kamen sa'n 90 minsken ôf. Der waard útlein wêrom't de fúzje nedich is.
Neffens Pleatslik Belang is it net slagge om de tsjinstanners te oertsjûgjen fan nut en needsaak fan in weryndieling.