Kontrakt Doke Schmidt ferlingd

10 jun 2013 - 17:40

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei de 21-jierrige Doke Schmidt mei ien seizoen ferlingd, mei in opsje foar noch in jier. De ferdigener wurdt foar it kommende seizoen ferhierd oan Go Ahead Eagles. Sa kin it jonge talint ûnderfining opdwaan yn de earedivyzje. Schmidt komt út de eigen jeugdoplieding fan SC Hearrenfean. It ôfrûne seizoen waard Schmidt kampioen mei Jong SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)