Winkels iCentre yn problemen

It ynterieur fan in iCentre-winkel
Winkelketen iCentre hat útstel fan betelling oanfrege. De omset fan de winkel dy't Apple-produkten ferkeapet is de lêste moannen flink sakke. Yn Nederlân binne 34 iCentre's, werûnder trije yn Fryslân. Dy sitte yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean.
Der wurdt op it stuit ûnderhannele oer in oername troch BASGroup, in keten dêr't Dixons en MyCom ûnder falle.