Oare kant Noorderpoort stutten

It ynstoarten fan in stik gevel fan appartemintekompleks en winkelsintrum Noorderpoort yn Drachten is mooglik feroarsake troch in mankemint oan de befestiging fan in stielen draachbalke. Omdat de gevel oan de oare kant fan it gebou deselde konstruksje hat, wurdt dy gevel ek ûndersocht.
Ut foarsoarch wurde der oan dy kant fan it gebou moandei noch stimpels pleatst. Hoekstra Vastgoedbeheer hat dat moandeitemiddei bekend makke.