Jonge botst mei heit syn auto

De plysje hat moandei in 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden om't er útnaaid wie nei in oanriding. De autobestjoerder wie yn de Alma Tademastrjitte yn syn wenplak tsjin in parkearde auto opbotst en trochriden. Tsjûgen warskôgen de plysje. Dy socht de jonge thús op. It die bliken dat er gjin rydbewiis hie en ûnder ynfloed fan alkohol wie.
De Ljouwerter hat proses-ferbaal krigen. Hy hat thús ek noch wat út te lizzen. De jonge hie de auto fan syn heit sûnder tastimming meinaam.