Oarsaak brân H'fean net fûn

10 jun 2013 - 14:25

De oarsaak fan de grutte brân snein op It Hearrenfean is net mear te achterheljen. Dat seit de plysje. By de brân binne fiif frachtauto's ferlern gien. Troch de fûle brân binne alle mooglike spoaren ferlern gien en is net mear te sjen oft it in technysk mankemint west hat, of dat der sprake wie fan brânstichting. Wol is dúdlik yn hokker frachtauto de brân begongen is, mar mear ek net.

De brânwacht hat snein oerenlang dwaande west mei it blussen. Benammen om de skea oan de gebouwen om de frachtauto's hinne de beheinen.

It is slagge om twa frachtauto's dy't der ek stiene, te rêden. De skea troch de brân wurdt rûsd op goed 2 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)