Miljoeneskea by brân It Fean

10 jun 2013 - 12:37
  • Fan de frachtauto's bleau net folle oer.
  • De frachtauto's fan Bakker op It Hearrenfean

De skea fan de grutte brân by transportbedriuw Bakker op It Hearrenfean rint yn de miljoenen euro's. Dat die bliken út in earste analyze fan de fersekering. Snein giene fiif frachtauto's fan it bedriuw yn flammen op. De frachtauto's sieten fol mei iten en ek dat is allegear ferlern gien.

By it ditribúsjesintrum fan de Lidl, dat neist Bakker sit, is ek in soad skea oan guod dat bûten opslein stie. Hoe grut dy skea is, wol it bedriuw net sizze.

Moandei wurdt der noch de hiele dei ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. Tiisdei sil begûn wurde mei it oprêden fan de frachtauto's. Dat sil neffens it bedriuw noch lestich wurde, om't de auto's fêstplakt sitte oan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)