Nije wike dúdlikheid oer Arts

13 jan 2012 - 11:56

Cambuur-direkteur Gerald van den Belt ferwachtet takom wike dúdlikheid te hawwen oer de takomst fan trainer Alfons Arts. De partijen ha koartlyn in petear hân en ha doe de yntinsje útsprutsen mei-inoar fierder te wollen. "Ik verwacht er binnen nu en een week uit te zijn", sa seit Van den Belt.

Hurde eask is lykwols wol, dat Cambuur takom jier de doelstelling hat om by de top fiif te einigjen. Dit seizoen is de doelstelling om minimaal de play-offs te heljen.

Van den Belt lit him net ûnder druk sette troch Sandor van der Heide. It kontrakt fan de Fryske middenfjilder rint oan 'e ein fan dit seizoen ôf en hy wol no dúdlikheid hawwe oft Cambuur mei him fierder wol. Neffens Van der Heide soe der ynteresse wêze fan Go Ahead Eagles en FC Emmen. "Ik weet dat Sandor een clubicoon is, maar ik voel me niet door hem onder druk gezet. Eind maart praten we met de spelers van wie het contract afloopt en niet eerder", sa seit algemien direkteur Gerald van den Belt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)