Manager Swettehiem opstapt

13 jan 2012 - 10:38

Manager Diny Scholten fan soarchsintrum Swettehiem yn Ljouwert is woansdei per direkt opstapt. Neffens direkteur Roelie Mossel fan stifting Palet wie in ûnwurkbere situaasje ûntstien. Der soe in soad mis wêze tusken de bewenners en Scholten.

Swettehiem kaam yn desimber yn it nijs om't it bestjoer gjin krystmiel hawwe woe foar de bewenners. Dat soe de nije flierbedekking smoarch meitsje kinne. De bewenners wiene der doe tige lilk oer se seagen Scholten as dejinge dy't derachter siet. Omrop Fryslân hat doe foar in krystmiel soarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)