Man mei 33 boltsjes drugs pakt

13 jan 2012 - 10:16

Yn Ljouwert is in 29-jierrige ynwenner fan de stêd oanhâlden fanwege dealen yn harddrugs. De plysje kaam him oer it mad doe't er op de Weaze de drugs oan de man brocht. Yn syn klean fûnen plysjes 33 boltsjes harddrugs, ûnder oare heroïne en kokaïne.

By de man thús fûn de plysje ek noch hasj en GHB. De plysje hat fierders ek oar guod fan wearde yn beslach naam. De fertochte wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)