Auto oer de kop op 'e Gordyk
By in auto-ongelok op de Wetterkant op De Gordyk binne tongersdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. De 19-jierrige bestjoerder fan de auto út Langsweagen rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. Hy fleach mei de auto oer de kop.
Hy en syn passazjier fan 15 jier út De Gordyk, binne ferwûne nei it sikehûs yn Drachten brocht.