Strjitkranteferkeapers ôfparst

13 jan 2012 - 09:38

Yn Ljouwert binne twa Roemenen oanhâlden omdat se strjitkranteferkeapers útrûpele hawwe soene. De frjemdelingeplysje wie ôfrûne hjerst tipt dat de ferkeapers twongen wêze soene om de opbringst fan de strjitkranten ôf te dragen oan de fertochten.

Op grûn fan ûndersyk waarden de twa fertochten tiisdei oppakt. Der binne ek hûzen trochsocht. Dêrby waarden ûnder oare trije auto's en kontant jild yn beslach naam. Trije strjitkranteferkeapers hawwe oanjefte dien. Neffens de plysje wurde strjitmuzikanten ek ôfset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)