Mear ynbraken troch krisis

12 jan 2012 - 16:35

Troch de ekonomyske krisis is it tal ynbraken yn Fryslân it ôfrûne jier bot tanaam. Sa waarden yn 2010 noch 1450 ynbraken registrearre, it ôfrûne jier kamen leafst 1870 meldings by de plysje binnen. De bút bestie dêrby út sieraden, jild, mobile telefoans en laptopkompjûters.

Neffens de plysje die út de ferhearen bliken dat in soad fertochten harren wurk kwytrekke wiene en benammen út earmoed ta kriminele dieden oanset binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)