Bakker ferkeapet Broadsjes Aap

© Nyncke Posthuma
Bakker Posthuma oan it Sint Antoniusplein yn Snits ferkeapet tongersdei Broadsjes Aap. It is in ludyk protest tsjin it foarnimmen fan de gemeente Súdwest-Fryslân om it bestimmingsplan fan it plein te wizigjen. Koartlyn is der in grut winkelgebou leech komme te stean. Om leechstân foar te kommen is no sein dat der ek lytsere winkels komme meie, lykas in bakker.
Mar neffens in wurdfierder fan de gemeente giet it hjir om in foarbyld en wol it net sizze dat der romte is foar in bakkerij. It leafst sjocht de gemeente dat wer in grutte supermerk him oan it plein festiget.