Pachtkonflikt oer Noarderleech

12 jan 2012 - 14:10

Boer Pieter Bouma fan Marrum en It Fryske Gea treffe elkoar tongersdei foar de rjochter. Se hawwe in konflikt oer it pachtkontrakt. Neffens It Fryske Gea bringt Bouma it fee te gau op it bûtendyks lân, sadat er dan byfuorje moat. Dat byfuorjen is net goed foar it natuergebiet, seit it Fryske Gea. It is yn striid mei it greidefûgelbelied.

Bouma seit dat er him wol oan it kontrakt hâldt en dat it Gea oan pesterij docht. Beide partijen koene it net iens wurde oer in nije begjindatum fan it weidzjen op it bûtendyks lân. De rjochter docht oer fjouwer wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)