Swimclub wol De Kûpe behâlde

12 jan 2012 - 12:44
  • Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost

Mei ynset fan frijwilligers soe it wedstriidbad fan Bûtenpost al iepenbliuwe kinne. Leden fan de swimclub PWC wolle foarkomme dat swimbad De Kûpe tichtgiet. Se wurkje oan in plan om mei in frijwilligersorganisaasje de saak draaiende te hâlden. De gemeenteried praat tongersdei oer de takomst fan it swimbad. De kâns is grut dat Bûtenpost it wedstriidbad ferliest.

De gemeenteried wol it besteande bad slute en hopet dat der merkpartijen binne dy't in nij lytser bad eksploitearje wolle. De 120 swimmers fan PWC litte it dêr net by sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)