Meiwurker gemeente bedrige
In 33-jierrige man fan It Hearrenfean hat woansdeitemiddei swiere bedrigings utere tsjin in meiwurker fan de gemeente. De plysje waard warkôge. Dy fûn út dat de man koartlyn ek by oare Feanster ynstellings drige hie mei geweld.
De man is oanhâlden yn syn wenning.