Boeren lilk oer ûnteigening

De afbeelding is een indicatie. Hieraan kunnen geen rechten worden ontleend. © Google maps
Boeren op it Bilt wolle dat de ûnteigeningsprosedueres foar de noardlike Alvestêderûte fuortendalik stilset wurde. Al jierren wurdt mei de boeren ûnderhannele, omdat de Blikfeart foar de boatsjefarders ferbrede wurde moat. Dat kostet lânbougrûn. De boeren wolle it lân net kwyt, omdat dêr bygelyks ek dongrjochten op basearre wurde. Tagelyk is de druk tanaam, omdat it wetterskip net wol dat der sleatten tichtmakke wurde.
Boargemaster Gerrit Krol seit dat de prosedueres net stilset wurde kinne. It moat foar 2013 klear wêze, oars ferfalle wichtige subsydzjes.
De boargemaster wol wol prate mei de boeren, mar hy fynt ek dat de boeren oant no ta te stiifkoppich west hawwe.