Oerlêst Kollumer famylje

12 jan 2012 - 11:23

De plysje hat in Kollumer famylje oanhâlden foar oerlêst en bedriging. Sûnt de famylje, in man en frou fan 31 en in mem fan 59, yn de strjitte kaam te wenjen, krige de buert al gau hinder fan de húshâlding. Ien fan de buorlju joech de klachten troch oan de plysje en fertelde soargen te hawwen oer it bern fan de minsken. De man krige fuort de nije buorlju oan de doar en waard doe bedrige.

Nei ûndersyk hat de plysje de 59-jierrige haadbewenster oanhâlden. De man en frou wiene doe al wer út Kollum wei. Sy binne oanhâlden yn Roosendaal.

Ut ûndersyk die bliken dat de oanhâlden man en frou in jas stellen hawwe by in winkel yn Kollum, dat se in fyts stellen hawwe en dat se yllegaal smoargens ferbaarnd hawwe. Sûnt de man en frou fuort binne, is de rêst werom yn de Kollumer strjitte. Sy komme net werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)