Sneker Muurke nei biblioteek

12 jan 2012 - 10:43

It Sneker Muurke krijt in plakje yn de biblioteek fan Snits. De gemeente, de feriening Historisch Sneek en de biblioteek binne dat oerien kaam. Ferline jier ûntstie opskuor doe't de gemeente Súdwest-Fryslân de oantinkens oan de Snitser skiednis opromme út it stedhús. It bestiet út nammebuordsjes, reklame foar Snitser produkten en oare parafernalia. De polityk wie ek fernuvere oar it fuortheljen fan it Muurke en woe it herstelle.

De biblioteek fielt der wol foar de Snitser oantinkens plak te jaan. Wannear't it guod wer foar it ljocht komt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)