Stedsbern nei de boer

11 jan 2012 - 20:48

Studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert litte stedsbern it plattelân sjen. De studinten kamen derachter dat Fryske bern dy't yn in stêd grutbrocht wurde faak net folle witte fan it boerelibben. Dêrneist hat it boerebestean in min imago by de bern.

It is de bedoeling dat de studinten de bern fan groep 4 ien dei meinimme nei de buorkerij om se dêr út te lizzen wat der allegearre bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)