"Steaten net lytser meitsje"

11 jan 2012 - 19:30

Provinsjale steaten kin net ta mei minder leden. It wurk hat dêr ûnder te lijen en de kâns is grut dat lytse partijen de kiesdrompel net helje. Dat skriuwe de steateleden yn in brief oan it ministearje fan ynlânske saken. Dy wurket oan in besunigingsútstel om it tal steateleden werom te bringen.

Yn 2007 is dat oantal ek al werombrocht. De steaten fine dat no earst gemeenterieden en de Twadde Keamer oan bar binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)