Earste peal foar krematoarium

By Marsum is moandei de earste peal de grûn yngien foar it nije krematoarium. Dat komt op it plak dêr't earder hoarekabedriuw Andringastate siet. Faber Uitvaartzorg fan Wommels hat fjouwer jier dwaande west om de plannen te realisearjen. Der wiene in soad beswieren út de buert en dat giet oant de Rie fan Steat ta.
Der kinne aanst tsien kremaasjes op in dei plakfine. De romten yn de pleats wurde brûkt as aula en kofjekeamers. It sintrum moat ein 2013 klear wêze.