Soargen oer bedriuweterrein

10 jun 2013 - 08:43

De PvdA-fraksje fan de gemeente de Fryske Marren makket him bot soargen oer de flink weromrinnende belangstelling foar de útwreiding fan it bedriuweterrein Slotmolen yn Sint Nyk. De partij freget him ôf oft it projekt stillein wurde moat, omdat de kosten heech binne en de ynkomsten tige leech.

Yn de kommisjegearkomste fan woansdei 12 juny sil de PvdA freegje as de finansjele risiko's net te grut wurden binne. De fraksje wol ek antwurd op de fraach hoefolle romte der noch is op bedriuweterrein De Ekers op De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)