Sijbrandij wint yn Froubuorren

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
De frije formaasje haadklassekeatspartij foar froulju yn Froubuorren is snein in proai wurden foar it partoer fan Nynke Sijbrandrij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij. It trijetal wie yn de finale mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen.
Yn de striid om de tredde priis wûnen Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-2 en 6-6 fan Nicole Hempenius, Aukje van Kuiken en Renske Terwisscha van Scheltinga.