Auto tsjin beam yn Aldeberkeap

Auto tsjin beam by Aldeberkeap © Remon Koene
In 24-jierrige man út de gemeente Hearenfean is sneontenacht ferwûne rekke by Aldeberkeap. Op de Hearrenfeansewei wie er mei de auto op in beam botst.
De man is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Nei alle gedachten hat er de rym net om hân. De plysje rûkte in sterke dranklucht by de man. In bloedproef moat útwize oft er tefolle alkohol dronken hie. Yn ôfwachting fan de útslach fan it ûndersyk is syn rydbewiis ynnaam.