Auto's fernield by De Potten

09 jun 2013 - 13:46
  • (foto-ympresje)

Ferskate parkearde auto's yn Offenwier binne sneontenacht fernield troch jongeren. In tsjûge hie sjoen dat se nûmerbuorden ôfbrutsen en oare skea oan de auto tabrochten. Omstanners koene dêrop ien jongere pakke en oerdrage oan de plysje. It giet om in jonge fan 16 jier. De plysje siket noch nei de oare jonge autofernielers.

De fernielde auto's stiene parkeard by De Potten. Dêr is in rekreaasjegebiet en in kemping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)