Snitser driget mei messen

09 jun 2013 - 10:42

De plysje fan Snits hat sneontenacht in 24-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. De man kaam it terrein fan it plysjeburo oan it IJlsterplein op en bedrige in plysjeman dy't krekt út in auto stappe woe mei messen. Meardere plysjes waarden oproppen om de man oan te hâlden. Dat slagge yn earste ynstânsje net omdat er syn messen net dellizze woe. Earst doe't traangas ynset waard koe er wol oppakt wurde. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Snits man plysjeburo messen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)