Brân frachtauto's Hearrenfean

09 jun 2013 - 08:35

Update: De brân is opskaald ta in grutte brân. By de brân komt in soad reek frij.

Meardere brânwachtkorpsen binne sneintemoarn dwaande mei it blussen fan in brân op de Saturnus op It Hearrenfean. Neffens de earste berjochten is it fjoer ûntstien yn in frachtauto en is it dêrnei oerslein nei noch trije oare frachtauto's. Omdat dy yn 'e buert fan in tankstasjon stean waard der opskaald ta in middelbrân. Hoe lang der noch blust wurde moat is net bekend. Dat jildt ek foar de oarsaak en de hichte fan de skea.

Trefwurden: 
brân It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)