WB-goud Miranda Wolfslag

Judoka Miranda Wolfslag hat sneon yn Lissabon goud wûn op in wrâldbekertoernoai. De 25-jierrige Ljouwerter die dat yn de klasse oant 52 kilogram. Wolfslag is in pupil fan Edwin Steringa en Grietzen Bouma fan Judo-A7 fan It Hearrenfean. It is de earste kear yn de judoskiednis dat in Fryske judoka in wrâldbekerwedstriid wint. Wolfslag hopet no dat se oanwiisd wurdt foar it wrâldkampioenskip yn augustus.