Leeksters winne Midsimmercup

08 jun 2013 - 18:19

De fuotballers fan Leekster Eagles hawwe sneon mei oermacht de titel by de 10e edysje fan de Midsimmercup yn Dronrop op harren namme skreaun. Yn de finale wûnen de Leeksters mei mar leafst 9-1 fan it fiiftal fan Snits Wyt Swart.

By de froulju gong de titel nei Drachtster Boys, dy't yn in spannende finalestriid mei 2-1 te sterk wiene foar VIOD. De froulju út Driezum begongen sterk mei in 1-0 foarsprong, mar moasten dêrnei har meardere erkenne yn de Drachtster froulju.

De Midsimmercup is in kombinaasje fan fjild- en sealfuotbal. Yn teams fan fiif dielnimmers nimme de ploegen it yn in wedstriid fan 15 minuten tsjininoar op. Trochdat spile wurdt yn in lytser fjild, ûntstiet der in rap en attraktyf spul.

Trefwurden: 
fuotbal Dronryp Midsimmercup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)