Trije ynbraken op De Jouwer

11 jan 2012 - 10:39

De plysje siket tsjûgen fan in tal ynbraken op De Jouwer. Op trije plakken oan de Iepensteinleane en de Barte is tiisdei ynbrutsen. Dat moat west ha tusken healwei ienen middeis en alve oere jûns. De ynbrekkers hiene it foarsjoen op gouden en sulveren sieraden. De plysje ropt minsken op dy't wat fertochts sjoen hawwe om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)