Opluchting by Epke Zonderland

Epke yn ringen © ANP
De opluchting is grut by turner Epke Zonderland, neidat hy him definityf kwalifisearre hat foar de Olympyske Spelen. De Lemster moast oant tiisdeitejûn let wachtsje, om't in protte turners nei him noch yn aksje kamen.
Zonderland hoecht no allinnich noch mar foarmbehâld te toanen om hielendal wis te wêzen fan de Spelen. Hy moat dêrfoar in skoare fan 14.800 of heger delsette by in wrâldbekerwedstriid of it Europeesk kampioenskip. Neffens Zonderland foarmet dat lykwols gjin bedriging mear foar him.