Blamaazje Aris yn Weert

© Omrop Fryslân
Basketbalklup Lasaulec Aris hat him blamearre yn Weert troch mei 76-64 te ferliezen fan de nûmer lêst. It is pas de twadde oerwinning fan de klup út Weert. Fan it begjin ôf rûn it net goed mei de ploech fan Erik Braal. Allinnich yn it lêste kwart giene de Ljouwerters de striid oan en wisten se 24 punten te heljen. Lance Jeter wie de bêste Aris skutter mei 20 punten. Ek al ferlear Aris, it bliuwt op in dield fjirde plak stean mei 16 punten út 15 wedstriden.