Lekkerij gemysk guod

© 112-nof.nl
De brânwacht is tiisdeitejûn op it terrein fan it keunststoffenfabryk Enitor yn Bûtenpost dwaande west mei it opromjen fan in lekkend fet gemikaliën. It fet mei dêryn wetterstoffluoride stie op in frachtauto. De bestjoerder seach middeis by it útladen dat dit fet in flinke dûk hie en warskôge de brânwacht. Mei in spesjaal gaspakketeam fan de brânwacht yn Ljouwert en Stiens is it fet jûns yn in feilige tonne pleatst. It bedriuw Van Gansewinkel hat it dêrnei meinaam. In grut part fan it terrein fan Enitor hat de hiele middei en jûn ôfsletten west.
It fabryk koe wol gewoan trochdraaie.