Subsydzjebelied ûndersocht

10 jan 2012 - 20:39

De gemeente Dantumadiel moat tenei swart op wyt sette wat organisaasjes dwaan moatte foar de subsydzjes dy't se ûntfange. Dat advisearret de rekkenkeamer nei ûndersyk fan trije grutte subsydzjes dy't Dantumadiel jierliks ferlient: dy oan de biblioteek, de muzykskoalle en it maatskiplik wurk. Benammen de byb kaam dêr goed út. De gemeente is goedkeap út, want lanlik leit in gemeente 4,25 euro foar elk útliend boek by en yn Dantumadiel is dat mar 2,09. Mei oerienkomsten oer wat er mei gemeentlik jild berikt wurde moat, kin it jild better benut wurde, tinkt de rekkenkeamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)