Saak-Nij Beets 27 febrewaris

© Tekening Aloys Oosterwijk
It heger berop yn de saak Nij Beets giet op 27 febrewaris fierder. Yntusken besjocht in ferneamd klinysk psycholooch it hele strafdossier fan de 27-jierrige Sietske H. Dêr sitte bygelyks ek alle dvd's fan de ferhoaren by. Dat ûndersyk is yn opdracht fan it gerjochtshôf fan Ljouwert.
It hôf woe yn desimber gjin útspraak dwaan yn de saak, foardat der mear dúdlikheid komme soe oar de geastlike gesteldheid fan Sietske H. It hôf soe graach wolle dat de frou ûndersocht wurdt troch saakkundigen, mar dat wegeret Sietske H. noch altyd.
Sietske H. wurdt derfan fertocht dat se fjouwer eigen poppen fuortdaliks nei de befalling om it libben brocht hat.