Blokkade-frou twa wiken fêst

10 jan 2012 - 15:38

De 22-jierrige frou út Hallum dy't op in plysjeblokkade ynriden is moat 14 dagen langer fêstsitte. Dat hat de rjochter-kommissaris tiisdei bepaald. Besykjen ta deaslach op in plysje-amtner wurdt har swier oanrekkene troch it Iepenbier Ministearje. De plysje siet de frou achternei doe't se foar de twadde kear deselfde dei sûnder rydbewiis ried. Nei in wylde achterfolging troch Wergea en Earnewâld besocht de plysje har mei in blokkade te kearen. De frou ried dêr mei hege snelheid op yn, ien plysjefrou koe krekt op tiid oan 'e kant komme.

Trefwurden: 
blokkade Hallum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)