Dea poppe Akkrum wie ûngelok

De poppe fan seis moannen dy't ôfrûne simmer dea fûn waard yn in wenning yn Akkrum, is om it libben kaam troch in needlottich ûngelok. Dat konkludearret it Iepenbier Ministearje nei oanlieding fan ûndersyk. De ôfrûne tiid is buertûndersyk dien, der is mei de âlden fan de poppe praat en it lichemke is ûndersocht troch it Nederlands Forensisch Instituut. Dêrút docht bliken dat de poppe net ferstoarn is troch neilittichheid fan de heit en mem.
De poppe waard sneintejûn 21 augustus fûn yn in wenning oan de Sinnebuorren yn Akkrum.