PVV: Fryslân moat gasjild ha
De opbringsten fan it gasfjild by Ie moatte folslein te'n goede komme oan de provinsje Fryslân. Dat fynt de steatefraksje fan de PVV. De winning fan de 4 kúb gas smyt sa'n 800 miljoen euro op.
De partij wol dat dat jild yn in nij provinsjaal ynvestearringsfûns komt. Dêrmei kin de legere ryksbydrage kompensearre wurde.