2700 Fryske fjoerwurkklachten

04 jan 2014 - 15:27
  • Minske kleie oer de rommel dy't achterbliuwt

By it meldpunt foar fjoerwurkoerlêst fan GrienLinks binne de ôfrûne wiken goed 2700 klachten út Fryslân binnenkaam. Yn ús provinsje stie Ljouwert boppe oan mei hast 500 meldings. Yn totaal waarden by it meldpunt op ynternet hast 90.000 klachten melden. De measte melders hawwe lêst fan it lûd fan it fjoerwurk. Ek klachten oer bange húsdieren, gefaarlike sitewaasjes en rommel op 'e dyk steane op de list.

De inisjatyfnimmers meitsje in rapport fan alle meldings en stjoere dit nei de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)