27 oanhâldings foar fernieling

01 jan 2008 - 14:10
  • opblaasd jiskefet (foto: Lenus van der Broek)
  • fernield ferkearsboerd (foto: Lenus van der Broek)

De plysje hat 27 minsken oanhâlden foar in tal ynsidinten yn de nacht fan âld en nij. Der wurde noch mear oanhâldings en ek mear skeameldings ferwachte. Wat it meast opfoel, wie it tal fernielings fan ferkearsbuorden en ruten fan auto's, hûzen en winkels. Dat gebeurde faak troch swier fjoerwurk.

De plysje hat mei de jierwiksel goed 200 meiwurkers ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)