27 Ferkearsdeaden yn 2012

28 des 2012 - 14:36

Yn it jier 2012 binne oant no ta 27 minsken omkaam yn it Fryske ferkear. Dat binne trije mear as ferline jier 2011. It is foar it earst sûnt jierren dat it tal wer oprint. Under de ferkearsdeaden binne tolve fytsers. Dat is in ferdûbeling sûnt ferline jier. Fierders kamen twa kuierders om it libben.

It tal oanridings mei ferwûnings nimt ek wer mear ta: fan 428 yn 2011 nei 469 dit jier. It tal oanridings mei inkeld skea is mei goed 20 prosint tanaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)