Epke sa goed as wis fan O.S.

10 jan 2012 - 12:11

Epke Zonderland is sa goed as wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn London. Tiisdei turne Zonderland yn totaal 84.631 punten op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Dêrmei bliuwt hy konkurrint Jeffrey Wammes, 82.881 punten, rom foar. Op de opskjinne list moat Zonderland minimaal by de bêste 17 turners sitte. De KNGU sil no binnen fjouwer wiken bekend meitsje hokker turner foardroegen wurdt oan NOC/NSF. De kâns is lykwols grut dat Zonderland de koffers pakke mei.

Op it earste ûnderdiel, brêge, hat Zonderland mei 14.966 in prima skoare. Wammes hellet 14.025. Op syn favorite ûnderdiel, rek, skoarde Epke lykwols ûnder de maat: 13.766. Wammes kaam út op 14.891.

Op flier, it tredde ûnderdiel, hellet Zonderland 13.700 punten. Konkurrint Jeffrey Wammes docht it better mei 14.566.

Zonderland hat op it ûnderdiel foltiizje in prima skoare, mei 13.400 wie hy de bêste fan syn groep. Wammes foel ôf mei 11.133.

Op ringen hellet Zonderland 13.933, Wammes 13.733. Nei fiif ûnderdielen hat Zonderland in foarsprong fan 1,4 punten op syn konkurrint. Op it lêste ûnderdiel, sprong, komt Epke út op 14.866. Ek hjir is de skoare fan Wammes leger (14.533).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)